'Alle dagen zondag'Dokumintęre oer naďve skilder Ruurd Wiersma |
Dizze moanne is it hűndert jier lyn dat ien fan de bekendste naďve skilders fan Nederlân, Ruurd Wiersma, berne waard. Twa jier foar syn dea, yn 1978, makke film-makker Marijke Jongbloed fan Hallum in dokumintęre mei Wiersma űnder de titel 'Alle dagen zondag'.
Dęryn fertelt Wiersma op syn karakteristike wize oer syn libben en syn skilderjen. Hy makke net allinne skilderijen, mar beskildere alles wat om him hinne yn syn wenning yn Burdaard oanwęzich wie mei ôfbyldings, dy't ynspirearre wiene op de bibel en de wrâld sa't er dy om him hinne seach. De wanden fan syn keamer, syn klompen en de koekjetromp waarden sa omtovere ta keunstwurken. Nei syn dea waard syn hűs in museum dat koartlyn offisjeel erkend is.
Omrop Fryslân Televyzje stjoert in ferkoarte ferzy fan de film fan Marijke Jongbloed op snein 22 febrewaris út op Nederlân 1 om 13.30 oere.
En fierders op sneintejűn 22 febrewaris by Omrop Fryslân fan 18.00 oere ôf.
|